78 terms

Siswizen

STUDY
PLAY

Terms in this set (...)

Foar de winige doar komme.
Batsk ôfwiisd wurde.
De hurde wyn yn 'e holle hawwe.
Drok wêze fanwege de hurde wyn.
It is allegearre wyn en fearren.
It is lege grutskens, skyn.
Gâns wyn yn 'e swipe hawwe.
In swetser wêze.
It is waar as side.
It is myld waar.
Waarsiik wêze.
Mankelyk wêze troch it oanhâldend minne waar.
Efkes yn it waar sjen.
It waar waarnimme.
Yn tsjok waar reitsje
Spul mei ien krije.
Moai waar en lange dagen.
Alles liket goed.
In libben as de blommen hawwe.
In moai libben hawwe.
Mei-inoar kinne as de blommen.
Poerbêst mei-inoar kinne.
Dat raast oan de protters.
Dat is hiel slim.
It iene bist ken it oare.
Soart siket soart.
De fûgels oer it net fleane litte.
Net profitearje fan in geunstige gelegenheid.
It brekt jin soms by de hannen om't ôf.
It mislearret jin.
De earen sille dy noch wolris bekôge wurde.
Do silst noch wolris fernimme dat it net allegearre like foarspoedich giet.
De eagen net yn 'e bûse hawwe.
Fanalles sjen of opmerke.
Wa't in noas hat, kin mar rûke.
Dy't him skuldich fielt, wit dat de beskuldiging foar him bedoeld is.
Sjen wêr't de fûgels fleane.
Efkes útrêste.
Immen by de tomme heine.
Ien koart hâlde.
It skuort der raar troch.
It doch bêst sear.
De earen earne nei hingje litte.
Wol op in foarstel yngean wolle.
Gjin kat sêd sjen kinne.
Gjirrich en jaloersk wêze.
Mei sân pear earen harkje.
Mei oandacht harkje.
Der sit rook noch smaak oan.
It is net lekker; it is neat mei neat.
Op 'e hark lizze.
Temûk lizze te harkjen.
It each wol sines hawwe.
Het oog wil ook wat.
Ien de earen waskje.
Immen in slach jaan.
Ien in bril op 'e noas sette.
Immen it útsicht benimme.
Hy komt mei de klompen yn 't spul.
Hy is net taktysk.
Immen geweken nimme.
Immen ûnder hannen nimme.
Immen de tiid fan de dei net sizze.
Net groetsje.
Yn oar praat slaan.
Oer wat oars begjinne.
De mûle yn beide hannen hawwe.
Te folle prate.
Eine as in mûs yn in moalsek.
Tige stadich gean.
It rikket him út 'e nekke.
Hy is oan it ligen.
It beart as skuorde klokken.
It heart nearne nei.
In steil wurd dwaan.
In grut wurd hawwe.
It mei hinnebruie.
It is net sa slim.
Oan 'e noas lûke.
Je schouders ophalen.
Ik mei him net snuven hearre.
Ik mei him net lije.
In swiere mûtse op hawwe.
Earne pessimistysk oer wêze.
It giet my by de kâlde klean del.
It docht my neat.
Stedskyn wêze.
Net yn tel wêze.
Hy rint de drompel plat.
Hy loopt de deur plat.
Alden en bern spint ferkeard jern.
Alden en bern moatte net te lang byinoar wenje.
Besykjen is it neiste rjocht.
Niet geschoten is altijd mis.
It is in spultsje fan kâlde fuotten.
It stelt neat foar.
Evert op 'e rêch ha.
Loai wêze.
Hy hat it stopjern net útfûn.
Hy is net al te snoad.
Hy is yn it sâlt bebiten.
Hy hat ûnderfining.
Der skimeret my wat.
Het begint me te dagen.
Flot op 'e tried wêze.
Fluch gean.
Der sit in holle op dat bern.
Dat bern is stiifkoppich/hat in goed ferstân.
Dat fljocht sa hurd net.
Dat loopt zo'n vaart niet.
De midden en de beide einen hawwe wolle.
Alles foar jinsels hawwe wolle.
Swier te rissen wêze.
Net maklik oan it wurk te krijen wêze.
Dy't himsels weismyt, wurdt troch in oar net opkrigen.
Wa't himsels leechachtet, wurdt troch oaren net heechset.
It stiet faai.
It stiet der min foar.
Spoeksjoggerich wêze.
Altyd problemen sjen.
Earne trochkrûpt yn wêze.
Earne troch en troch bekend mei wêze.
Op moed komme.
Op ferhaal, op fleur komme.
Deilis wurde.
Oaninoar komme.
Immen lette en sette.
Immen gastfrij behannelje.
Yn 'e stokken hâlde.
Betwinge.
Immen ûnder de kwint hawwe.
Immen yn je macht hawwe.à
Immen oer de staach sette litte.
Immen fan syn stik bringe.
Immen in pyk sette.
Utnaaie.
Fan 'e bok dreame.
Minne ûnderfiningen opdwaan.
Der giet neat foar de baas sels.
Kinst it bêste sels mar dwaan.
In minske sin is in minske libben.
In minsk is pas echt lokkich as er it nei it sin hat.
Der sit muzyk yn.
Der sit fleur yn.
In fyn feltsje op 'e tonge hawwe.
Sinnich wêze mei iten en drinken.
Gjin sliepen yn 't sin hawwe.
Net sliepe wolle.
Net út it swiet kinne.
Eat net op kinne foardat it ferkeard wurdt.
In sneed(sje) yn it ear hawwe.
(Licht)dronken wêze.
By de gatten om ticht.
Net te fertrouwen.
Dat iten stiet by de man.
Dat iten sêdet.